Gemeente Harns draacht merk oer oan private stichting

07 sep 2016 - 11:10
  • It sintrum fan Harns fanút de loft

De waremerk yn Harns wurdt privatisearre. Neffens de gemeente steane der no te min kreammen op de merk, dy't alle wiken op woansdei en sneon hâlden wurdt. Om der foar te soargjen dat der yn de takomst mear kreammen stean, wurdt de merk privatisearre en oernaam troch de stichting Marktbeheer.

Dizze stichting hat in soad ûnderfining en beheart ek merken yn Ljouwert, Drachten en Dokkum. De standhâlders hawwe neffens de gemeente Harns meipraat oer de plannen. Kommende sneon is de offisjele oerdracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)