Ynbrekker makket foto's fan ynhâld brievebussen

07 sep 2016 - 10:54
  • Ynbraak

De plysje tinkt mooglik in oantal ynbraken yn Fryslân oplost te hawwen mei de arrestaasje fan in ynbrekker yn Hattem. De man bruts dêr mei in kammeraat yn en brûkte in opfallende metoade. De fertochte makke mei syn telefoan foto's troch de brievebus hinne om te sjen oft der post lei. Wie dat langere tiid sa, dan wie de konklúzje dat de bewenners op fakânsje wienen.

Ein augustus brutsen de twa yn by in hûs yn Hattem, mar in attinte buorfrou belle de plysje. De 20-jierrige man is oppakt, syn partner naaide út.

Nei ûndersyk nei de foto's op de telefoan fan de ynbrekker konkludearre de plysje dat de man ek yn Fryslân aktyf west hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)