Nije camperplakken yn Dokkum binne te lyts

De nije parkearplakken foar campers yn de Van Kleffenstrjitte yn Dokkum binne te lyts. Neffens de fraksje fan Dongeradeel Sociaal kinne gruttere campers de draai net helje en kinne de eigeners dêrom gjin gebrûk meitsje fan de parkearplakken. In oare lokaasje is der net yn de stêd en sa rint Dokkum ynkomsten mis as toeristen mei in camper dêrtroch fertrekke.
Neffens de fraksje moat de gemeente de plakken oanpasse sadat elkenien syn camper der delsette kin. De partij hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemasters en wethâlders.