Kollum: "Dach Jorritsma"

07 sep 2016 - 08:50
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Moarn skodzje we him de hân en sizze: dach Jorritsma. Dan is hy fuort. En oer twa moanne ha we it net mear oer him. Hy hat de ôfrûne dagen netsjes oeral in ôfskiedsynterview hân, mar ik ha it gefoel dat it dêrmei ek wol oer is. En dat is wol frjemd. Want it wie in kommissaris dy’t syn rykswurk tige goed die. Hy hie de steaten goed yn hannen. Hy bemuoide him der iepenbier ynhâldlik net mei, mar it rûn allegear goed.

En je kin him net ferwite hoe’t it kolleezje fan deputearre steaten tinkt. Ik sil dêr no gjin meidielings oer dwaan, oare kear wer. Want ik ha’t no oer kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Persoanlik in tige aardige man, dy’t hiel hurd wurke hat, en altyd yn juny mei fakânsje moast om't hy yn july en augustus úthingboerd wie foar de Fryske spultsjes.

In kommissaris fan de Kening moat ek lobbywurk dwaan. Yn de ynterviews hie hy it der oer dat Fryslân Dubai wurden wie, as al syn lobbywurk slagge wie. Hy hie ek sizze kinnen: ik bin troch Fryslân te faak op kânsleaze missys útstjoerd. Wat we dêr fan leare is: je moatte dêryn folle selektiver te wurk gean. Sizze hjir sette we op yn, it oare is kânsleas.

Bygelyks sa’t it mei kulturele haadstêd gie: earne massaal op ynsette. Mar as der mar ien of twa yn leauwe, net dwaan. Want dan wurdt sa’n Jorritsma yn Den Haach neat oars as: och, dêr ha je him ek wer te seuren. En dan wurdt Fryslân net Dubai, mar Timboektoe, want dan krij je neat. Sjoch, Hermans en Nijpels diene altyd krekt as kamen se foar wat oars, se hienen ek in soad oars, en dan der noch efkes efteroan o ja we ha yn Fryslân ek noch ferlet fan huppeldepup. Dan wurdt it je net persoanlik oanrekkene.

De grutste misser yn Jorritsma syn lobbywurk wie fansels dat hy it akwadukt by Skarsterbrêge yn de A6 net werom prate kinnen hat. Lobbye is ek ministers fan eigen partij op missers wize. Wól moai is fansels it Thialf ferhaal. Hy seurt noch wer op de ryksoerheid dat se net meibetelle ha, en dat gedoch mei Almere en Zoetermeer trochgean lieten. Mar hy hie yn dy ynterviews sizze moatten dat de KNSB hieltyd dwers lei. Om't se dêr it wurd Thialf net mear hearre koenen.

Sterker, ik soe graach wolle dat se aanst de boargemaster fan Eindhoven nûgje om it nije Thialfstadion te iepenjen. Ik ha’t fan 'e wike besjoen: in geweldich gehiel, je fiele je suver yn Dubai wenjen. En dat Jorritsma dan by de iepening sizze mei: de KNSB krijt it wurd hjoed net. Dy haffelje der altyd yn om, mar dat hat Fryslân noch nea fertuten dien.

Yn de ôfskiedsynterviews siet noch ien foarbetocht ferhaal fansels. Oer dy kloaterige te lytse gemeenten. Dy’t it ferdomme om te fusearjen, wylst dat it iennige is om oerein bliuwe te kinnen. Ald-deputearre Jan Ploeg gie mei Nijpels stikem by de gemeenten del en hat hiel wat klearkrigen, mar de lêste kolleezjes ha it net foar elkoar lulle kinnen. Jorritsma ek net, hy hat him de bek skeef praat, mar Harns bliuwt Harns en Dantumadiel bliuwt De Westereen.

Jorritsma syn lêste lobbywurk is de ryksoerheid freegje om in grutter foech foar de provinsje op dit mêd. As je no dizzer dagen sjogge nei it gestumper yn Achtkarspelen, dêr’t de FNP fraksje derút rint as der in nij kolleezje komt, wylst harren eigen Marten van der Veen dêr skuldich oan wie. Bern, gean nei hûs.

John Jorritsma giet ek nei hûs. En bliuwt dêr ek. Hy is der foar frege. En dat betsjut dat yn elk gefal syn partij, de VVD, murken hat, dat Jorritsma in folhâlder is, immen dy’t wol wat kin. En dat je dus sa no en dan wol ien nei Fryslân smite kinne om him of har op te lieden foar wat echt wichtichs. Wy? Och wy sjoch wol wat om ús hinne. Der is miskien noch wolris ien dy’t sa’n oplieding ha wol. As wy it dêr mei dan mar wat oars dogge.

En wy stekke moarn earst noch de hân út. En sizze: dach Jorritsma."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)