Fryslân docht mei oan previnsjenetwurk tsjin selsdeading

07 sep 2016 - 08:36
  • Sosjale helpferliening

Fryslân docht mei oan in proef om it tal selsdeadings werom te bringen. Fryslân slút him oan by it Suïcide Preventie Actienetwerk (Supranet), dat him rjochtet op it foarkommen fan selsmoard.

It netwurk is in inisjatyf fan soarchynstelling 113online. Njonken Fryslân dogge ûnder oaren Grinslân, Seelân, Den Haach en Súdeast-Brabân mei. Yn totaal giet it om sân regio's.

Om't yn al dizze gebieten oare redenen in rol spylje by selsdeading, wurdt per regio in eigen oanpak ûntwikkele. Troch gearwurking mei mekoar hoopje helpferlieners de bêste previnsjemetoade yn harren eigen regio te ûntdekken. Wat yn alle gebieten wol gelyk is, is dat it tal selsdeadings frij heech leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)