Beweechtún moat ynwenners fan Ferwert soepel hâlde

07 sep 2016 - 08:08

De ynwenners fan Ferwerderadiel kinne fan woansdei ôf gebrûk meitsje fan in beweechtún. De tún is oanlein by wen- en soarchsintrum Foswert yn Ferwert, mar is tagonklik foar elkenien.

In obstakelbaan, banken mei foetfytsen en in crosstrainer: it soarget der allegear foar dat de ynwenners fan Ferwerderadiel soepel bliuwe kinne. De gemeente hat dizze tún yn gearwurking mei it soarchsintrum en in fysioterapeut ûntwurpen.

Elkenien kin selsstannich de tastellen brûke en de tún hat neist beweging noch in oare funksje: in moetingsplak foar jong en âld. De offisjele iepening fan de beweechtún is woansdei om fjouwer oere middeis.

Trefwurden: 
beweechtún Ferwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)