Plysje krijt trije tips oer gewelddiedige wenningoerfal Nes

07 sep 2016 - 06:44
  • Opsporing Verzocht

De plysje hat tiisdeitejûn trije nije tips binnenkrigen oer de gewelddiedige wenningoerfal yn Nes-Akkrum op 15 juny. Op dy dei waard in 73-jierrige man yn syn hûs oerfallen troch twa manlju. Hy waard dêrby fêstbûn en mishannele.

It slachtoffer rûn ûnder oaren in brutsen noas, brutsen ribben en in soad kniezings op. Ek ferlear er safolle bloed, dat er in bloedtransfúzje nedich hie. De tips kamen binnen nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht.

De plysje die in tsjûge-oprop yn de útstjoering foar minsken dy't mear witte oer de twa dieders en de auto dêr't se yn rieden, in grize Volkswagen Polo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)