KNMI warskôget foar mistbanken en jout koade giel

07 sep 2016 - 06:10

It KNMI jout woansdeitemoarn koade giel foar Fryslân. Der is kâns op mist. Op guon plakken is it sicht dêrtroch minder as 200 meter. Dit kin gefaarlike sitewaasjes opsmite.

It advys fan it KNMI is dan ek om de snelheid oan te passen en genôch ôfstân te hâlden. It KNMI ferwachtet dat de mist om 9 oere hinne wer oplost is.

Trefwurden: 
mist koade giel KNMI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)