Ljouwerter basisskoallen sille de boer op

06 sep 2016 - 21:49
  • De weetrisping op It Bilt, de nôtskuorre fan Fryslân

Bern fan de Ljouwerter basisskoallen sille de kommende wiken de boer op. Se gean ûnder oare nei bouboer Jensma yn Aldebiltdyk dêr't ierappels en weet ferboud wurdt. Ek sille se op ekskurzje nei de tomatekassen fan Smeding yn Sint-Anne en nei Koopmans moalfabriken yn Ljouwert. It weet fan boer Jensma wurdt dêr ferwurke yn Fryske bôle. It projekt is in inisjatyf fan Leeuwarden Smaakstad. Doel is dat bern sjogge wêr't it iten weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)