Twadde turbine by REC Harns foar stroomlevering

06 sep 2016 - 20:21
  • De REC yn Harns

By de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns wurdt op dit stuit in twadde turbine boud. Dizze turbine moat fan novimber ôf foar nochris 10.000 húshâldens stroom leverje. De REC leveret no al stroom foar 40.000 húshâldens. De ekstra stroom wurdt helle út stoom dy't frijkomt by it ferbrânen fan ôffal. Dizze stoom koe oant no ta noch net brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)