Organisaasje sinneboatrace yn de prizen

06 sep 2016 - 19:51

De organisaasje fan de Dutch Solar Challenge, sis mar de sinneboaterace, hat tiisdeitemiddei de Duorsume Tiisdeipriis wûn. Prinses Laurentien rikte de priis yn Den Haag út. De sjuery wie benammen te sprekken oer it feit dat mei de sinneboaterace de jongerein belutsen wurdt by duorsumens.

De Solar Challenge soarget der ek foar dat de beropsfeart no serieus sjocht nei tapassing fan sinne-enerzjy yn harren beropstak.

Ut it sjueryrapport

"Elke Challenge weer zijn er vernieuwingen zichtbaar in de zonnecellen, maar ook in techniek en materiaalgebruik. De vernieuwingen zijn interessant voor de reguliere scheepvaartsector, ten behoeve van brandstofbesparing. Met dit jaarlijks terugkerend evenement stimuleert de Challenge volgens de jury continue ontwikkeling en innovatie op het vlak van elektrisch varen en scheepsmodelering."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)