Gewelddiedige oerfal Nes yn Opsporing Verzocht

06 sep 2016 - 19:36
  • De webside fan Opsporing Verzocht

It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn wiidweidich omtinken oan de gewelddiedige wenningoerfal yn Nes-Akkrum op 15 juny fan dit jier. Op dy dei waard in 73-jierrige man yn syn hûs oerfallen troch twa manlju.

Hy waard dêrby fêstbûn en mishannele. De dieders binne noch net pakt. It ûndersyk nei de oerfal rint noch, mar de plysje is op syk nei tsjûgen om it ûndersyk in nije ympuls te jaan. It programma is om 20.30 oere op NPO1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)