Gemeente Ljouwert yn top tsien oerheidsorganisaasjes
De gemeente Ljouwert heart by de tsien bêste oerheidsorganisaasjes fan Nederlân. Dat fynt de sjuery fan de ferkiezing Overheidsorganisatie van het Jaar 2016. Fan dy tsien nominearren geane der trije troch nei de finale. Dy krije de sjuery op besite, en dy beslút dêrnei wa't de bêste oerheidsorganisaasje fan Nederlân is. Yn novimber wurdt dúdlik oft dat Ljouwert is of net.