Nocht en wille mei nije foarm fan gymnastyk

© ANP
Tolve skoallen út de gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel dogge mei oan in nije foarm fan gymnastyk. Bern leare dan net allinne de hânstân en hoe't se yn in tou klimme moatte, mar meie ek ride op trialbikes en mei frisbees oan de gong.
De skoallen krije dat materiaal fan de bv SPORT en rûleart tusken de skoallen dy't meidogge. Doel derfan is dat bern wer mear wille krije by it gymnastykjen en nocht krije om te bewegen.