Iepen Mienskipsfûns hat wer jild beskikber

06 sep 2016 - 17:57

Ynwenners mei in goed idee om de leefberens yn wyk, doarp of stêd te ferbetterjen, kinne mei yngong fan 12 septimber wer subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns. Der is foar de rest fan it jier noch 1,2 miljoen euro beskikber.

Yn 2015 krigen goed 200 inisjativen subsydzje út it fûns. Sa is op It Bilt in persoanebus omboud nei in elektryske bus foar it ferfier fan âlderen en minsken yn in rolstoel. Nije oanfragen kinne yntsjinne wurden tusken 12 septimber en 7 oktober.

Belangryk is dat ynwenners meielkoar in idee yntsjinje en útfiere.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)