Selsridende buskes Appelskea kinne fan de hânrem ôf

It selsridende buske
De proef mei selsridende buskes yn Appelskea begjint nije wike. Dat hie al earder sillen, mar doe waarden se ôfkard troch de Rijksdienst voor het Wegverkeer. Dat wie omdat der wat mankearde oan ûnder oare de de remmen, de lampen en de tsjillen. Tiisdei begjint de proef dan wol echt.
Seis wiken lang kinne minsken fergees mei de automatyske buskes op 'en paad. Dy ride oer in stik fan twa-en-in-heale kilometer yn it Drents-Friese Wold.