Albert Heijn Frjentsjer is de fitaalste fan Fryslân

06 sep 2016 - 17:40

De Albert Heijn fan Frjentsjer is it fitaalste bedriuw fan Fryslân. De supermerk wûn it fan yngenieursburo CLAFIS fan It Fean en Friesland Lease út Drachten. De priis is in inisjatyf fan MKB-Nederlân en ONVZ Zorgverzekeraar en waard tiisdeitemiddei útrikt troch âld-topswimmer Pieter van den Hoogenband.

Neffens de sjuery skoarde de supermerk it heechste op ûnder oare de punten fleksibiliteit, sûnens, fitaliteit en kommunikaasje. Sa komt der alle wiken in jobcoach del en krije jonge wurknimmers húswurkbegelieding.

It bedriuw giet no troch foar de lanlike finale op 16 novimber.

Trefwurden: 
Albert Heijn Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)