Mear animo om master of juffer te wurden

06 sep 2016 - 17:28

De ynstream fan pabo-studinten op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert is dit jier flink tanommen. Der binne 20% mear learlingen dy't harren oanmeld hawwe foar de oplieding foar learaar yn it basisûnderwiis.

De oplieding ferwolkommet dit skoaljier 73 nije studinten. De taname fan it tal studinten is wichtich om't der yn de takomst in grut tekoart oan masters en juffen ûntstiet. De ferwachting is dat der oer tsien jier yn Nederlân in tekoart is fan sa'n 7000 basisskoallelearkrêften.

Teamlieder Herman Hoedemaker fan de oplieding by Stenden krijt no al regelmjittich telefoantsjes fan skoalorganisaasjes mei de fraach oft der noch minsken ôfstudearre binne. Basisskoallen yn it Noarden binne benammen op syk nei ynfalkrêften.

Ferline jier wie de ynstream fan nije studinten op de pabo by Stenden in stik minder grut. Dat hie te krijen mei de nije taal- en rekkentoets en it nije lienstelsel foar studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)