Bedriuwslibben betellet mei oan slûs Koarnwertersân

Fia tolheffing sil it bedriuwslibben meibetelje oan de nije slûs by Koarnwertersân. Dat is de kreative finansjele oplossing dy't de provinsje betocht hat, om de nije slûs en brêgen yn de Ofslútdyk te beteljen.
Mei-inoar is der 149 en in heal miljoen euro nedich om de slûs fan 14 nei 25 meter te bringen. Dat moat noch op it kleed brocht wurde en deputearre Klaas Kielstra hat tiisdei in oanbod oan de minister dien. Al jierren striidt de polityk yn de regio Fryslân, Oerisel en Flevolân foar de ferbreding fan de slûs yn Koarnwertersân.
Goed foar skipsbou
Dat soe skipshellings oan de Iselmar de mooglikheid jaan om folle bredere en djoerdere skippen te bouwen. Net allinnich lúkse jachten, mar ek skippen foar de kustwacht. De ynvestearring fan hast 150 miljoen is net allinnich foar de nije slûs: ek twa nije brêgen by it Lorentzkompleks wurde derfan betelle, plus it útdjipjen fan de farwei tusken Koarnwertersân en it Keteldjip.
Finansiering
De provinsje Fryslân betellet 15 miljoen, dat jild is earder al reservearre. De gemeente Súdwest-Fryslân betellet 1 miljoen euro mei. Fan de oare provinsjes Oerisel en Flevolân komt mei-inoar 6 miljoen euro, sa is ôfpraat. Oan Europeeske subsydzje hopet de provinsje 16 miljoen euro te krijen. Troch saneamde 'optimalisaasjes' yn wurk en ûnderhâld wurdt 22 miljoen besparre en oan besparrings oan ûnderhâld wurdt by Rykswettersteat op 23 miljoen rekkene. Dan komt der noch in bydrage fan 10 miljoen euro fan it Waadfûns en fan de minister wurdt dan noch in bydrage fan 30 miljoen frege. Bliuwt oer: in bydrage foar it bedriuwslibben fan 26 miljoen euro. De provinsje sjit it jild foar, mar it moat yn tolve jier binnen wêze, sa is ôfpraat. Troch fan elk nijboud skip, dat breder is as de âlde slûs, tol te freegjen, wol de provinsje dat jild fan de skipsbouwers werom krije. It giet om njoggen bedriuwen dy't meibetelje, wêrûnder skipswerf De Vries yn Makkum. Mocht it net slagje om de heffing yn tolve jier werom te krijen, dan giet it heffen fan tol langer troch.
Wurkgelegenheid
Troch de oanlis fan de nije slûs wurdt hope op in flinke groei fan de wurkgelegenheid. Dat soe yn de provinsjes Fryslân, Oerisel en Flevolân gean om mooglik 3000 banen, sa tinkt deputearre Kielstra. It wurk sit foaral yn de skipsbou, ûnderhâld en ynfrastruktuer oer it wetter.
Polityk
It oanbod mei de slutende finansiering foar de nije slûs by Koarnwertersân is tiisdei opstjoerd nei Minister Schultz van Haegen fan Infrastructuur en Milieu. Neffens deputearre Kielstra is der foar sa'n spesjaal projekt wol draachflak yn de Twadde Keamer foar tolheffing, yn Nederlân dochs in eksperimintele foarm fan finansiering. Yn Europa sil op syn betiidst yn 2017 wer in mooglikheid ta subsydzje wêze. Dat betsjut dat, as alles trochgiet, de bou los kin yn 2018 en dat de slûs yn 2020 klear wêze kin.