Part fan Harns hat gjin liedingwetter
In part fan Harns sit op dit stuit sûnder wetter, it giet om de omjouwing fan de Kanaalwei en de Grenswei. By wurksumheden is in wetterlieding rekke. Wetterbedriuw Vitens is drok dwaande mei de reparaasje, mar it is net bekend hoelang't de steuring noch duorje sil.