Soarchgroep Hof en Hiem bêste soarchwurkjouwer

Studinte op paad mei bewenner fan Hof en Hiem © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Soarchgroep Hof en Hiem is de bêste wurkjouwer fan Nederlân as it giet om soarchsintra. Dy titel is takend troch it Nationaal Business Succes Award Instituut. Dat ynstitút dielt alle jierren yn allerhande kategoryen de titel fan bêste wurkjouwer út. Hof en Hiem krijt him dit jier, ûnder oare omdat de organisaasje him hûndert persint ynset foar de kliïnten en bewenners en ek hiel fernijend is.
De soarchgroep is mei de winners yn oare bedriuwstûken ek noch yn de race foar de titel fan bêste wurkjouwer fan hiel Nederlân