AZC wolkom yn Harns as it nedich is

06 sep 2016 - 15:49

Harns wol noch altiten wol in azc ha, as it nedich is. Dat seit de gemeente yn reaksje op it nijs dat de plannen foar in tal azc's op in sêft sin set wurde. Want der is op 't heden minder ferlet fan opfang, omdat der minder asylsikers binne as ferwachte.

Der is wol ferlet fan wenromte foar asylsikers dy't hjir bliuwe meie. Harns sil dêroer om de tafel mei de wenningbouferiening, mar sjocht ek nei oare mooglikheden. Harns moat dit jier noch tritich statushâlders ûnder dak bringe.

Trefwurden: 
AZC Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)