Fúzje tusken NHL en Stenden Hegeskoalle útsteld oant 2018

Der is in nije datum foar de fúzje tusken de Stenden Hegekoalle en de NHL. It is de bedoeling dat it yngiet op 1 jannewaris 2018. Dat hawwe de beide kolleezjes fan bestjoer besletten. It soe al earder, op 1 septimber 2016, mar al gau die bliken dat dy datum net helber wie.
Neffens Leendert Klaassen, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Stenden, sille guon saken yn de rin fan dit jier ôfmakke wurde. Dochs is it neffens Klaassen net sa dat de fúzje hast rûn is: "Er moet nog een hoop gebeuren. De besluitvorming moet nog doorlopen worden met beide medezeggenschapsraden en het ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap."