Jild foar bredere slûs Koarnwertersân sa goed as rûn

06 sep 2016 - 14:43
  • It slûzekompleks by Koarnwertersân

De finansiering fan it breder meitsjen fan de slûs by Koarnwertersân is sa goed as rûn. Neffens de provinsje hawwe regionale oerheden en bedriuwen in grut part fan de rom 149 miljoen euro binnen helle. Derneist wurdt in berop dien op de EU en it Waadfûns. It ministearje moat neffens de provinsje noch 30 miljoen euro meibetelje.

It breder meitsjen fan de slûzen smyt 2500 nije banen op, benammen yn de skipsbou. As it ministearje akkoart giet, dan kin yn 2018 begûn wurde. De oplevering is dan yn 2020.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)