Rûzje tusken supermerken Lidl en Aldi op It Hearrenfean

06 sep 2016 - 13:39

Der is rûzje ûntstien tusken de Lidl en de Aldi op It Hearrenfean. Ynset is de tydlike Aldi-winkel by Sportstêd. Dy supermerk sit der al sûnt 2005 en krige koartlyn tastimming fan de gemeente om dêr oant 1 july 2018 te bliuwen.

Neffens de Lidl wurdt de Aldi dêrmei 'onredelijk bevoordeeld' en dus stapte Lidl nei de rjochter. Dy hat de saak no útsteld, om't de Aldi ynkoarten nei it Molenplein yn it sintrum fan It Hearrenfean ferhuzet. Dêr wurde no twa supermerken boud. Neist de Aldi komt dêr ek in Jumbo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)