Gjin treinen Ljouwert-It Hearrenfean troch oanriding

06 sep 2016 - 12:47
  • Trein op it stasjon fan Wolvegea

Troch in oanriding mei in persoan by Wurdum, ride der gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De fertraging kin neffens de NS oprinne oant in oere. De ferfierder set bussen yn om passazjiers te ferfieren.

De tsjinstregeling wurdt nei alle gedachten om trije oere hinne wersteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)