Van der Molen: "Ljouwert is en bliuwt myn stêd"

06 sep 2016 - 12:41
  • Wethâlder Harry van der Molen

De ferrassing wie grut foar Ljouwerter CDA-wethâlder Harry van der Molen (36). Hy stiet op it achtste plak op de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings. "Doe't ik dat nûmer seach, stie ik echt wol efkes te sjen", fertelt er.

Want dy posysje betsjut dat it sa goed as wis is dat er nei 15 maart takom jier yn de Keamer komt. "Mar ik bliuw wol gewoan yn Ljouwert wenjen hear. Ljouwert is en bliuwt myn stêd."

Rykstsjinsten

Wol is Van der Molen fan doel om Fryslân en Ljouwert yn Den Haach op de kaart te setten. "Ik fyn it geweldich om foar de provinsje Fryslân daliks yn Den Haach te sitten."

Yn it ferline jier jokte it ek wolris by de wethâlder. "Bygelyks by de diskusje oer de rykstsjinsten. Net alles hoecht nei de Rânestêd en dat wol ik se dêr ek dúdlik meitsje."

Fantastysk

Dochs is de stap nei Den Haach ek ien mei dûbele gefoelens foar Van der Molen. "Ik haw wol it gefoel dat ik hjir ek wat opjou. Ik genietsje echt fan myn wurk as wethâlder. Mar dat ik no dy stap nei de Twadde Keamer sette kin, is echt fantastysk."

Wa't Van der Molen opfolgje moat as wethâlder yn Ljouwert, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)