Van Klaveren hâldt op as boargemaster fan Weststellingwerf

06 sep 2016 - 12:10

Gerard van Klaveren hâldt mei yngong fan 1 july kommend jier op as boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf. Hy wurdt kommend jier 66 en hat by de gemeenteried oanjûn net langer troch te wollen.

De VVD'er Van Klaveren is sûnt 2005 boargemaster fan Weststellingwerf. Derfoar wie hy ûnder oare deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)