Man út Droegeham op wurk ferstoarn nei wespestek

06 sep 2016 - 12:04

In meiwurker fan in bedriuw út Leek is moandei ferstoarn neidat er stutsen is troch wespen. De 54-jierrige man út Droegeham wurke foar wegeboubedriuw Koninklijke Sjouke Dijkstra. Hy wie dwaande yn de Goeman Borgesiusstrjitte yn Schildwolde, doe't er in wespenêst oantrof en stutsen waard.

De gemeente Slochteren hie it bedriuw ynhierd. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de dea fan de man.

Yn mekoar sakke

By Dijkstra binne se ferslein. Utfierder Gerrit Homan hearde moandei fan de meiwurkers wat der bard wie. "Hij werkte aan het riool toen hij ineens gestoken werd door meerdere wespen. Hij liep daarna nog weg en riep dat er niet zoveel aan de hand was, maar onze machinist zag wel dat het mis was en belde 112. Nog geen twee seconden later zakte hij al in elkaar."

Reanimaasje

Reanimaasje troch sawol syn kollega's as de helptsjinsten hie gjin doel mear. De klap komt hurd oan by Homan. "Het is dat ikzelf meerdere klussen heb, dus ik ben wel aan het werk. Maar alle collega's die er gisteren bij waren, zitten thuis. Ook twee broers van het slachtoffer waren erbij. Dit is vreselijk, voor iedereen."

Oft de meiwurker allergysk wie, wit Homan net. "Maar ik heb wel gehoord dat als je vijftien of twintig keer gestoken wordt, het sowieso dodelijk is."

Trefwurden: 
wesp Droegeham dea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)