Fytsedief flechtet foar plysje en springt yn it wetter

06 sep 2016 - 11:16

De plysje hat tiisdeitemoarn betiid yn Akkrum in 50-jierrige fytsedief oanhâlden. In krantebesoarchster melde de plysje dat se in man fytsen seach, dy't in twadde fyts op 'e nekke hie. De plysje spruts de man oan, mar dy naaide ynienen út. Hy wist earst te ûntkommen troch yn it wetter te springen.

Efkes letter koe de man dochs oanhâlden wurde yn Akkrum, dêr't er dweiltrochwiet oer strjitte rûn. De man, sûnder fêst wenplak, moast noch 362 dagen de sel yn. De plysje is noch op syk nei de eigeners fan de stellen fytsen.

Trefwurden: 
stellerij fytsedief Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)