Minder Friezen starte mei in eigen bedriuw

06 sep 2016 - 11:08
  • Startersdei yn Ljouwert

Wylst it oantal minsken dat mei in eigen bedriuw begjint lanlik heech bliuwt, rint it oantal yn Fryslân krekt werom. Dat docht bliken út ûndersyk troch it ekonomysk buro fan de ING. As mooglike oarsaak wurdt fergrizing neamd.

It oantal starters yn Drinte gong ek omleech. Beide provinsjes fergriizje bot. Lanlik sjoen kamen der benammen selsstannige taksysjauffeurs by. It oantal startende boufakkers sakke, om't boubedriuwen wer mear minsken in fêste baan jouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)