Sandra Nap wol sile foar súkses

06 sep 2016 - 11:02

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Alle dagen stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.

Sandra Nap is krekt werom fan in wike lang traine yn Scheveningen. De keamer leit fol mei oranje guod fan TeamNL. Yn de keuken stiet in bak fol klean yn it wetter. “Daar zit allemaal zoveel zout in van het zeewater, dat moet er even uitgewassen worden.” It binne de lêste tariedingen foar Sandra op it fleantúch nei Rio de Janeiro stapt foar de Paralympyske Spelen.

Skud 18

Sandra sil foar Nederlân meidwaan yn it Paralympyske silen. Tegearre mei har maatsje Rolf Schrama dogge se mei yn de Skud 18 klasse. “De Skud 18 is speciaal voor de Paralympics gemaakt. Het is een skiff. We zitten met zn tweeën. Rolf is de stuurman en ik ben in feite de bemanning. Ik heb een grootzeil, een fok en een gennaker tot mijn beschikking.”

Sandra hat it Marfansyndroom. Dat soarget derfoar dat har bynweefsel slop is. Ek hat se hjirtroch in tydsje ferlyn in operaasje oan har aorta hân. Net elkenien yn de Skud 18 klasse hat deselde beheining: “De handicaps zijn heel divers. Wel is het zo dat er gewerkt wordt met een puntentelling. Voor in de boot zitten vaak sporters met 6 of 7 punten. Dat betekent dat je een relatief lichte handicap hebt. Ik ben zelf 7 punten. Aan het stuur zitten dan de mensen met een zwaardere handicap.”

Gearwurking

It is noch mar in pear jier ferlyn dat Sandra yn in Paralympyske sylboat telâne kaam. Op in talintedei kaam se út by in stand fan it sylbûn en dêrnei is it hurd gien. Se foarmet no in jier as trije in team mei Rolf. “In principe maakt hij de beslissingen als stuurman en ik voer ze uit. Maar er is zeker ruimte voor overleg op het water. Alleen als er snel gehandeld moet worden, of er moeten radicale beslissingen genomen worden, dan doet Rolf dat.”

Omdat Sandra en Rolf noch net sa lang sile, ha se in stik minder ûnderfining as de konkurrinsje. Mar de echte krêft fan it Nederlânsk team leit dan ek earne oars. “Wij kunnen het in de boot heel goed met elkaar vinden. Rolf is behoorlijk aanwezig en ik ben wat rustiger in de boot. Dat werkt hartstikke goed samen.” Der is ek noch in oar geheim wapen seit Sandra: “We hebben ook wel veel lol in de boot. Dat is belangrijk, want het is af en toe hartstikke spannend op het water. Als je er dan de humor van kan inzien helpt dat zeker.”

De tarieding

Omdat de Paralympyske baan yn see leit, hat Sandra de ôfrûne moannen in soad traint yn de Noardsee by Scheveningen. Ek hat se goed nei de Olympyske Spelen sjoen: “We hebben veel gekeken naar de races van Pieter-Jan Postma en Marrit Bouwmeester. Hoe ligt de baan erbij, wat doen zij in bepaalde situaties? Dat hebben we goed geanalyseerd. Dat is een hartstikke mooie voorbereiding voor ons geweest. Zo weten we nu dat de wind echt heel variabel kan zijn. In combinatie met de stroming zou dat wel eens voor verassingen kunnen zorgen.”

De grutte favoriten yn de Skud 18 klasse binne Australië en Grut-Brittannië. Mar Sandra bliuwt posityf: “Bij grote toernooien zitten we vaak rond de derde of vierde plek. Dat moet ook op de Paralympics weer lukken. Als ik niet het idee had dat we een medaille kunnen winnen, was ik niet naar Rio gegaan. Ons doel is het podium.” En omdat Nederlân op de ôfrûne Olympyske Spelen tsien kear fjirde wurden is, witte Sandra en Rolf wat se dwaan moatte. “Wij zijn ook wel eens vierde geworden op 1 of 2 puntjes. Dat wil je niet. We gaan er alles aan doen.”

Paralympyske Spelen

By de Paralympyske Spelen fan Rio de Janeiro komme Sandra en Rolf op 12 septimber foar it earst yn aksje. Tusken 12 en 17 septimber sile se dan alve kear op it Paralympyske wetter. De puntetelling is itselde as by de Olympyske Spelen. Het iennichste ferskil is dat der op de Paralympiks gjin medaljerace syld wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)