Provinsje bliuwt achter plan foar ekstra sneltrein stean

Der moatte dochs alle oeren fjouwer sneltreinen tusken Ljouwert en Zwolle ride. De provinsje en de NS hiene ôfpraat dat dat fan desimber ôf sa wêze soe, mar it ferfierbedriuw sjocht der no fan ôf. Neffens de NS driget it stroomnet oerbelêst te reitsjen en dat kin gefaar opleverje foar minsken dy't by it spoar stean.
De ferfierder hat te min diseltreinen om dit op te fangen. De provinsje fynt dat net akseptabel en seit dat in grut bedriuw as de NS wol yn steat wêze moat dit probleem op te lossen.