Nij callcenter yn Ljouwert smyt 150 wurkplakken op

06 sep 2016 - 10:37

Ljouwert krijt der in grut callcenter by. Klant Contact Services fan fersekerder Achmea set hjir 150 minsken oan it wurk foar it saneamde eindejierswurk. Dat binne de drokke moannen om de jierwiksel hinne. In soad minsken feroarje dan fan fersekerder, wat foar in soad drokte soarget. 

It KCS kin dy drokte by bedriuwen tydlik opfange. De telefoansintrale yn Ljouwert sil fan septimber oant en mei jannewaris it measte wurk ha. KCS hat ek festigings yn Zoetermeer, Utrecht en Amsterdam. 

Trefwurden: 
Achmea callcenter Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)