Earste bewenners arrivearje yn azc fan Balk

De earste fyftjin bewenners fan it nije azc yn Balk binne tiisdeitemoarn om 10 oere hinne oankaam. Der komme tiisdei yn totaal sa'n tritich minsken nei it azc. De bewenners komme fanút Lelystad.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hjit de minsken oan de ein fan de moarn offisjeel wolkom. Ek binne meiwurkers fan de gemeente oanwêzich om de asylsikers yn te skriuwen as ynwenners fan de gemeente.
De komst fan de nije bewenners hat langer op him wachtsje litten, om't der in probleem wie mei de liedingen. Dêrtroch wie de wetterkwaliteit net goed.
It azc yn Balk kin yn totaal plak biede oan maksimaal 500 minsken.