Noard-Nederlân moat ynsette op it telen fan soaja

06 sep 2016 - 10:19
  • Boulân

Der moat de kommende jierren op minimaal 10.000 bunder grûn soaja ferboud wurde yn Noard-Nederlân. Dat stiet yn de 'green deal soja' yn Nederlân, dat de ministearjes fan ekonomyske saken en ynfrastruktuer en miljeu mei Agrifirm en de trije noardlike provinsjes ûndertekene hat.

Neffens steatssekretaris Martijn van Dam biedt it telen fan soaja grutte kânsen foar de agraryske sektor. Nederlân hellet syn soaja no noch út it bûtenlân. Dat wurdt brûkt foar iten en drinken foar minsken, mar ek as fretten foar fee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)