Rykswettersteat past hektometerpealtsjes op de Wâldwei oan

06 sep 2016 - 09:55

Rykswettersteat hat de ôfrûne tiid op de N31 nije hektometerpealtsjes delsetten mei dêrop de maksimumsnelheid fan 100 kilometer. De buordsjes moatte automobilisten dúdlik meitsje dat se op in 100-kilometerdyk ride. De maksimum tasteane snelheid wurdt hieltyd faker oertrêde, wat neffens Rykswettersteat liede kin ta gefaarlike situaasjes.

Neist de ekstra warskôging mei de buorden, kontrolearret de plysje ek faker op de N31. De ôfrûne twa wiken binne 13 prosessen-ferbaal útdield oan hurdriders, wêrfan ien syn rydbewiis ynleverje moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)