Manon Kamminga mist opnij it WK inline-skaten

06 sep 2016 - 08:54

Manon Kamminga út Haulerwyk moat foar it twadde jier op rige it WK inline-skaten oan har foarby gean litte. Oanlieding binne fysike problemen. Kamminga hat oertraind west en de gefolgen dêrfan fernimt se noch hieltyd. Har bloedwearden binne nocht net goed, dus se moat noch foarsichtich wêze, seit se op schaatsen.nl.

De Haulerwykse die earder dit jier wol mei oan it EK yn eigen lân en pakte dêr goud en sulver. Dochs tinkt se net dat se goed genôch is om op wrâldnivo mei te dwaan. Dy konklúzje is foar Kamminga wol in klap.

Amearika

Op it stuit sit se yn Amearika, om har dêr ta te rieden op it nije reedrydseizoen. Kamminga rydt kommend seizoen foar Gewest Fryslân, neidat ferline jier de haadsponsor de stekker út Team Stressless luts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)