Kollum: "Minder=Mear: The Sequel"

06 sep 2016 - 08:24
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Dizze kollum is in sequel. Dat betsjut ferfolch of fuortsetting en wurdt it meast yn Hollywood brûkt. Mar no brûk ik it om dúdlik te meitsjen dat dizze kollum in ferfolch is op dy fan foarige wike. Dy gie oer de steat fan it ûnderwiis, wit jim noch? It blykt dat dy in protte minsken goed heech sit. Frijwol alle reaksjes meitsje dúdlik dat wy net tefreden binne mei hoe’t dat ûnderwiis ynrjochte is. Dat jildt foar heiten en memmen, mar ek foar leararen en dosinten.

Ien fan dy memmen hat it oer de twangbuis fan it systeem, dêr’t alles en elkenien itselde yn prestearje moatte. Dêr’t gjin plak is foar oars fielen en oars tinken, en dêr’t de kwaliteit fan it bern as persoan ôfmetten wurdt oan it sifer foar rekkenjen en taal. Dêr’t yn betocht is dat dat bern net in 6 hellet omdat it fak him of har net leit, mar omdat de learkrachten en de skoalle it net goed dogge, en it bern ‘lui’ en net ‘yntrinsyk motivearre’ is.

Dat systeem, dy twangbuis, dy kâlde ienheidswoarstmasine. In oare mem, dy’t de bern sa’n 45 jier lyn op skoalle hie, ferhellet dat soks doe ek al oan ’e oarder wie en hat it oer Sineeske tastannen. Letter rekke se sels wurksum yn it ûnderwiis, en hat se besocht om it fan binnenút wei te feroarjen. Se stelde metoades en dêrmei it systeem oan ’e kaak, wat har net allinne op reprimandes kaam te stean, mar der waard har sels swijplicht oplein. De jierren 90, ha wy it dan oer.

Kear op kear docht bliken dat der net nei krityske lûden fan leararen en dosinten harke wurdt. Allegear ha se it bygelyks oer de papieren rompslomp dêr’t se oan foldwaan moatte. Neffens ien fan harren is dat in doel op himsels wurden, en is it sjenant hoe’t de pommeranten de ferantwurdlikens dêrfoar op oaren ôfskowe. De minister op de steatssekretaris, de steatssekretaris op de ynspeksje, de ynspeksje op de direkteuren en de direkteuren op de minsken foar de klasse. Want dy begripe it net…

In jonge master fan in basisskoalle hellet as foarbyld de pestprotokollen oan. Sa’n protokol is ferplichte, en dêr binne 61 fan, dus se moatte kieze… Hy hat it idee dat yn Nederlân alles yn dokuminten fêstlein wurde moat, om achterôf mar sizze te kinnen dat der wat oan dien wurden is. Papiergericht Onderwijs, hjit dat. Der binne op ’t heden skoallen dy’t advertearje mei de gjalp Kindgericht Onderwijs. Sa slim is it al wurden, woe er mar sizze.

Mar foar’t jim no allegear nei de kast mei anty-depressiva fleane: der is ek goed nijs. De groepen 7 en 8 fan in basisskoalle yn Damwâld dogge mei oan Pimp de Troonrede. In lanlike wedstriid foar it meitsjen fan in alternative troanrede. En behalve de ideeën fan de bern komt dêr ek in lytse rede fan master Riemersma by, mei de titel: ‘Jou ús it ûnderwiis, jou ús ús bern werom. En jou it bern harren juf of master werom. Nim ús ballêst en rompslomp ôf.’

Net in koarte titel, mar hee, it is de Wâlden, en as it bloed brûst, brûst it. Yn alle gefallen kin de foarsitter fan de sjuery, Frans Weisglas, him dêr mar oer bûgje. Ik bin alfêst in supporter, en hoopje dat se winne sille. Begjint de ûnderwiisferoaring faaks yn Damwâld?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)