Plysje trappearret drankrider yn Ljouwert

06 sep 2016 - 08:08
  • Alkoholkontrôle (argyffoto)

In 37-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemoarn betiid oanhâlden om't hy mei drank op ried op syn brommer. De man waard op de Grinzerstrjitwei kontrolearre. Ut in blaasproef die al gau bliken dat de man tefolle drank op hie.

De man krige in rydferbod foar seis oeren en krijt letter fan de plysjerjochter te hearren wat syn straf wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)