Perfekte omstannichheden foar de alvestêde-SUPtocht

06 sep 2016 - 08:00

De earste dielnimmers fan de SUPtember wurde tiisdei oan de ein fan de moarn yn Ljouwert ferwachte. De SUPpers, Stand Up Paddlers, dogge in tocht fan 220 kilometer, by alle alve stêden del. Der binne alve minsken en in team dat de tocht yn ien kear docht. Der is dizze wike ek noch in tocht fan fiif dagen. De omstannichheden binne neffens de organisaasje goed dit jier.

"Het water is nu een spiegel. Vorig jaar was het nog een halve zee", seit Marije Elgersma. Se doelt dêrmei op it rûge waar fan ôfrûne jier.

Dokkum

Mei dêrtroch giet de SUPtocht dit jier folle flugger. De earste twa dielnimmers, twa Franske manlju, wienen tiisdeitemoarn al yn Dokkum. Sy wurde om in oere as alve yn Ljouwert ferwachte.

De organisaasje hat dizze edysje in echte SUPvillage opsetten. Dat is op it stêdsstrân fan Ljouwert, by it gebou fan de Ljouwerter Krante.

Trefwurden: 
SUP SUPtember Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)