De Hoeve wol mear bouwe yn it doarp

05 sep 2016 - 22:03

Yn it doarp De Hoeve is moandeitejûn úteinset mei Bouwen op De Hoeve. Keunstners en doarpsbewenners wolle dêrmei op ludike wize omtinken freegje foar de problemen yn it doarp. Dy gean oer de beheiningen fan it bouwen en de leefberheid dy't dêrtroch yn 'e knipe komt.

Der sil in bouwurk makke wurde dat symboal stiet foar de wil fan de bewenners om yn it doarp bouwe te meien, want dat kin no net. It doarp rint leech, om't der gjin betelbere starterswenningen binne foar jonge gesinnen.

Neist it bouwurk, dêr't minsken ideeën foar oanleverje koene, moat der oer seis wiken ek in programma mei in sjongkoar en dûns stean. Op 15 oktober is de presintaasje. It bouwurk bliuwt stean oant en mei 2018, wannear't De Hoeve Kultureel Haaddoarp is.

Trefwurden: 
Bouwen op De Hoeve
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)