UPDATE: Marrit Posthumus (16) út Sweagerbosk is wer fûn

05 sep 2016 - 21:55
  • De fermiste Marrit Posthumus (16)

De 16-jierrige Marrit Posthumus út Sweagerbosk is wer fûn. Se waard in wike lang fermist, mar de plysje meldt tiisdeitemoarn dat se yn goede sûnens weromfûn is. Se gie op moandei 29 augustus fan hús om nei skoalle yn Ljouwert te gean, mar dêr kaam se nea oan. Har fyts wie fûn op it stasjon fan De Westereen.

De âlders fan Marrit dienen op Facebook in oprop om te helpen harren dochter te finen. Ek de plysje die in oprop. De telefoan fan Marrit joech sinjalen út de omjouwing fan de stêd Grins wei. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)