Omwenners Rengerspark binne lilk op kolleezje Ljouwert

05 sep 2016 - 21:42

Guon omwenners fan it Rengerspark yn Ljouwert binne lilk op it kolleezje fan Ljouwert. Dat die moandei bliken op in harksit by de gemeentlike beswierekommisje. Se binne it net iens mei de omjouwingsfergunning dy't it kolleezje ferliend hat oan it festival CityRock en de camping fan festival Into The Grave. Neffens de groep binne der flaters makke yn de takenning fan de fergunning.

Natuertoetsen

"De natuurtoetsen zijn niet op de juiste manier gegaan, waardoor de vergunning niet verleend had mogen worden", seit Monique Boskma, dy't yn de harksit it wurd fierde út namme fan sântjin beswiermakkers. Twa fertsjintwurdigers fan de gemeente seine dat it kolleezje de fergunning terjochte ferliend hat. De omjouwingsfergunning jilde foar de twa neamde eveneminten. Foar nije festivals moat wer in nije fergunning komme.

Rengerspark wichtich

Gewoanwei hie CityRock it ôfrûne wykein net plak fûn yn it Rengerspark. Mar om't it maksimale oantal eveneminten op it Aldehoustertsjerkhôf al berikt wie, moast de organisaasje sjen nei oare lokaasjes. Sa kaam it Rengerspark yn byld.

De organisaasje hat him gewoan oan de regels yn de fergunning hâlden, sa seit festivalorganisator Jan Gaastra. "Wij hebben rekening gehouden met de natuur en de omwonenden." Gaastra hopet dat it Rengerspark ek yn de kommende jierren ynset wurde kin as festivallokaasje. Neffens him kin it in wichtige rol spylje as Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd is.

De beswierekommisje komt binnen seis wiken mei in advys oan it kolleezje fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)