Sport Fryslân wol sporten foar beheinden stimulearje

05 sep 2016 - 21:13

Lit dy net beheine, dêr giet de nije kampanje fan Sport Fryslân oer dy’t moandei úteinset is. Yn de kampanje sette alle Fryske gemeenten en Sport Fryslân harren yn foar de oanpaste sporten. Neffens de organisaasje is dêr te min omtinken foar. Der moatte mear minsken mei in beheining sporte en der moatte ek mear sportaktiviteiten foar har komme.

Neffens Sport Fryslân kinne minsken it sportoanbod foar beheinden faak net fine, wylst twatredde fan de gemeenten dat wol hat. Fia in spesjale webside kin no it oanbod besjoen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)