Danny Bakker tekenet foar twa seizoenen by SC Cambuur

05 sep 2016 - 20:05

SC Cambuur hat op 'e nij in middenfjilder oanlutsen. Danny Bakker hat in kontrakt foar twa seizoenen, mei in opsje foar noch in jier, tekene yn Ljouwert. De 21-jierrige middenfjilder hat de ôfrûne wike op proef west by de seleksje fan trainer Rob Maas. Earder stie Bakker ûnder kontrakt by Ajax. Dêr spile er foar Jong Ajax, it earste helle er nea.

Mei it oanlûken fan Bakker hat Maas noch mear opsjes op it middenfjild. Robbert Schilder en Ricardo Kip, ek twa middenfjilders, waarden ferline wike al oanlutsen troch de Ljouwerters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)