Penoza-akteur Loek Peters swimt yn De Kûpe yn Bûtenpost

05 sep 2016 - 19:51

Swimles fan in akteur út de tv-searje Penoza. It leit miskien net fuortendaliks foar de hân, mar no woansdei kin it yn swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Akteur Loek Peters, dy't yn de searje de rol fan Berry spilet, hie op Twitter frege om in wetsuit, om sa meidwaan te kinnen oan de Amsterdam City Swim. Hjirby wurdt jild ophelle foar de striid tsjin de sykte ALS.

De Kûpe woe Peters syn wetsuit wol sponsorje en as tank komt de akteur no nei Bûtenpost foar in swimles en in fotosesje mei fans.

Belangstellenden kinne fan sân oere jûns foar twa euro op de foto mei Peters. De opbrengst fan de jûn giet ek nei de striid tsjin ALS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)