Fuort lûdsklachten op nije lokaasje muzykskoalle Boalsert

De muzykskoalle fan Boalsert, ûnderdiel fan Keunstesintrum Atrium, is moandei mei de lessen útein set op in nije lokaasje. Dy lokaasje sit yn it hert fan de stêd yn 'Ons Gebouw', oan it Broereplein.Trije romtes bin sa isolearre dat se geskikt binne om muzyklessen yn te jaan.
As earste giene moandei de drumlessen los, mar nei in healoere melden de earste buorlju har al om't se de slachwurkers dúdlik hearre koene.
By de Boalserter muzykskoalle wurdt ûnder mear les jûn op piano, gitaar, fioele, dwersfluit en sello, mar der oefenje ek koaren, ensembles, bands en orkesten. De offisjele iepening is letter yn septimber.