Geurts, Miedema en Spitse wer selektearre foar Oranjefroulju

05 sep 2016 - 18:43
  • Sherida Spitse yn aksje foar Oranje
  • Vivianne Miedema
  • Keepster Loes Geurts

Fuotbalsters Loes Geurts (keepster), Vivianne Miedema en Sherida Spitse binne wer selektearre foar de wedstriid fan de Oranjefroulju tsjin Amearika. Dat hat bûnscoach Van der Laan bekend makke. Oranje moat snein 18 septimber oantrêde tsjin de regearjend wrâldkampioenen yn stadion The Georgia Dome yn Atlanta.

De Oranjeliuwinnen hawwe oant no ta sân kear tsjin Amearika spile, dêrfan gie de winst fiif kear nei de Amerikanen en twa kear wûn Oranje. Dizze oefenwedstriid is de earste yn de tarieding op it EK dat takom simmer yn ús lân hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)