FIDEO: Amateur-archeolooch Robbert Velt docht moaie fynst

05 sep 2016 - 18:31
  • Amateur-archeolooch Robbert Velt fan Ljouwert
  • Muntfibula en Keltysk tsjil

Robbert Velt út Ljouwert hat ôfrûne wykein twa bysûndere archeologyske fynsten dien. De amateur-archeolooch hat twa âlde sieraden fûn: in muntfibula en in Keltysk tsjil. Foaral de lêste is bysûnder, want it is net bekend dat de Kelten yn Fryslân sitten hawwe. Velt tinkt dat it tsjil út de sânde of achtste iuw komt. De muntfibula soe út de trettjinde of fjirtjinde iuw komme. Hy hat al ferskate positive reaksjes fan archeologen krigen op syn fynst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)